Lange rigen foar tentoanstelling Animal Inside Out

23 okt 2015 - 11:10

De tentoanstelling Animal Inside Out yn Natuermuseum Fryslân is in grut sukses. De hiele wike stiet der al in lange mei minsken foar de doar, fier foardat it museum iepen giet. Direkteur Gerk Koopmans fan it museum hat dêrom besletten om de iepeningstiden oan te pasjen. De besikers meie no om tsien oere moarns al nei binnen ta, oars wie dat âlve oere.

Ek binne der 45 ekstra personielsleden ynhierd. Oant no ta ha sa'n 14-tûzen besikers by de tentoanstelling west. Op in dei yn de hjerstfakânsje komme der al gau 1400 besikers.

Der is in gemiddelde wachttiid fan in kertier oant in heal oere foardat de besikers nei binnen ta kinne.

Koopmans is tige wiis mei de suksesfolle tentoanstelling. Hy ferwachtet takom wike ek noch in soad besikers út it suden fan it lân, om't dêr dan hjerstfakânsje is. Dizze wike kamen der ek al hûnderten minsken fanút it hiele lân nei Ljouwert foar de spesjale tentoanstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)