Elektryske frachtwein foar transportbedriuw Haulerwyk

23 okt 2015 - 10:12

Transportbedriuw Boonstra út Haulerwyk hat in folslein elektryske frachtwein kocht. It giet om in Ginaf Dura frachtwein op in Mercedes ûnderstel en sil fjouwerenfjirtich ton oan fracht lûke kinne. De auto is fan maart 2016 ôf te sjen yn it strjitbyld fan de binnenstêd fan Grins.

De maksimale snelheid fan de frachtwein is sechtich kilometer yn de oere en dat is genôch foar yn de stêd. Ek de gemeente Grins is bliid mei dizze wize fan duorsum ferfier.

Boonstra hat de elektryske frachtwein kocht op de bedriuwsauto RAI yn Amsterdam dizze wike. Njonken dizze frachtwein kocht it bedriuw ek noch fyftjin Scania frachtauto's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)