"Langer fêsthâlden Udo D. wie te djoer"

23 okt 2015 - 07:32

It langer fêsthâlden fan Udo D. wie te kostber. Dat skriuwt De Telegraaf freed. De krante hat fertroulike stikken fan justysje ynsjoen. Ut rapporten fan GGZ Fryslân komt neffens de krante nei foarren dat eltsenien dy't belutsen wie by de behanneling fan D., derfan oertsjûge wie dat hy in grut gefaar foarme foar de mienskip.

Neffens bronnen binnen justysje, wiene der wol mooglikheden om D. langer fêst te hâlden. "Mar net ien woe de finansjele lêsten fan in langere opname op him nimme", sa seit in justysjemeiwurker tsjin De Telegraaf.

"It is in sintekwestje dêr't ûnskuldige boargers no it slachtoffer fan wurden binne. Ien frou hat hjirtroch har libben ferlern".

Ein july soe D. noch troch in spesjaal team fan justysje oerbrocht wêze fan in klinyk yn Frjentsjer nei de Van Mesdagklinyk. Hy wie ûnhânsum yn Frjentsjer en neffens personiel libbensgefaarlik. Mei dêrom siet er al trije dagen yn in isolearsel. Nettsjinsteande ferskate alaarmsinjalen dat er gewelddiedich en yn de war wie, waard er op 4 augustus frijlitten.

Udo D. wurdt derfan fertocht dat er moandei in 68-jierrige frou út Ljouwert om it libben brocht hat en trije oare froulju mishannele hat.

We ha de gemeente Ljouwert en it Iepenbier Ministearje frege om in reaksje. Dy ha se noch net jûn. De GGZ-Fryslân skriuwt yn in parseferklearring dat se oant de útkomst fan it ûnôfhinklik ûndersyk fan de gemeente Ljouwert gjin útspraken docht. De GGZ wol ek net yngean op it ferhaal dat it in sintekwestje wie. In wurdfierder skriuwt dat de organisaasje it ûndersyk stipet. Se stelle har toetsber op, sa stiet yn de ferklearring. 

Sjoch hjir foar it folsleine artikel fan De Telegraaf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)