Nije technyk foar biogas

Nije technyk foar biogas
In nije technyk foar biofergisting kin it Ljouwerter bedriuw E-kwadraat yn 'e takomst mooglik miljoenen opleverje. De nije technyk, dy't yn de ôfrûne twa jier test is by proefbuorkerij Dairy Campus by Goutum, soarget foar 20 persint ekstra biogas. Dit wurdt dien troch ensimen yn de fergister yn te bringen. Dy ensimen wurde makke yn in aparte ynstallaasje dy't keppele wurdt oan de besteande fergistingsynstallaasje.
E-kwadraat hat in apart bedriuw opset foar it yn de merk setten fan dizze nije technyk.
Neffens E-kwadraat is der al in soad belangstelling foar út binnen- en bûtenlân. De ynstallaasje dy't nedich is foar de nije technyk kostet 100.000 euro.