Starten fan ûndernimming populêr yn Fryslân

22 okt 2015 - 17:13

Fryslân stiet op in dield twadde plak wat in oantal nije starters oanbelanget. Ut sifers fan it ekonomysk buro fan de ING-bank docht bliken dat it oantal starters yn Noard-Hollân yn it tredde fearnsjier mei 3 prosint omheech gie, wylst it oantal starters yn Súd-Hollân en Fryslân mei 1 prosint stiigde. Yn totaal giet it om mear as 30.0000 minsken. Dat komt benammen om't hieltyd minder minsken in fêste baan krije, om't bedriuwen harren fleksibele skyl útwreidzje.

De grutste stiging wie yn de bou, yndustry, soarch en it ûnderwiis, de grutste delgong by it transport en de logistyk. De ûndersikers ferwachtsje dat nei de delgong earder dit jier, it oantal starters oer hiel 2015 gelyk wêze sil as yn 2014. Foar 2016 wurdt foarsjoen dat it oantal starters ôfnimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)