Minsken kinne wer rêstich sliepe nei maatregels Lypack

22 okt 2015 - 15:37

De maatregels dy't it bedriuw Lypack yn Ljouwert naam hat fanwege klachten oer lûdsoerlêst, lykje fertuten te dwaan. Ynwenners fan de wyk Westeinde hawwe nachts gjin lêst mear fan leven, melde se op in spesjale Facebookside. De wykbewenners hiene fan 't simmer sels útfûn dat Lypack har nachts út de sliep hâlde. Se hearden hieltiten in brommend lûd.

Neidat de lieding fan it fabryk oer de klachten hearde, hat dy dat fuortendaliks ûndersykje litten. Foarútrinnend op de útkomsten fan it ûndersyk is der in lûdsdimper ynstallearre en dat liket te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)