Menameradiel stekt jild yn oanlisplakken en skoalgebouwen

22 okt 2015 - 14:43

De gemeente Menameradiel kin takom jier acht ton ynvestearje. Dat stiet yn de begrutting. De gemeente stiet der finansjeel goed foar. Der is in oerskot fan 200.000 euro en de heffingen en belestingen hoege net omheech. De acht ton dy't ynvesteard wurdt, is bedoeld foar in oanlisplak yn de Menamerfeart yn Menaam en de werynrjochting fan It Holt yn Deinum en de Pypsterbuorren yn Boksum.

De gemeente lûkt ek noch jild út foar de útwreiding en fernijing fan doarpshuzen en skoalgebouwen, mar hoefolle krekt is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)