Persoan beknipe by botsing op Ryksstrjitwei Hurdegaryp

22 okt 2015 - 14:38

Op de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp binne tongersdei twa auto's op mekoar botst. In bestjoerster rekke beknipe en moast troch de brânwacht út har auto helle wurde. De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De dyk wie sa'n twa oeren lang foar in part ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)