Fjouwer ton eakse fan Drachtster himpfertochte

22 okt 2015 - 14:04

It Iepenbier Ministearje easket sawat fjouwer ton fan in 38-jierrige himpkweker út Drachten. Dat waard tongersdei dúdlik yn in rjochtsaak yn Grins. De Drachtster soe neffens it Iepenbier Ministearje dat bedrach fertsjinne hawwe mei in himpkwekerij by syn wenning oan de Middelwyk.

Ek moat de man fan de offisier fan justysje in taakstraf fan 180 oeren útfiere en is der in moanne selstraf ûnder betingst easke. Yn de wenning fan de Drachtster waarden goed 430 planten oantroffen.

De plysje kaam de man op it spoar troch syn elektrisiteitsferbrûk. Op it hichtepunt lei dat op 35.000 kilowattoere yn it jier, wylst in normaal gesin sa'n 3500 kilowattoere ferbrûkt. Op basis fan dit ferbrûk tinkt it IM dat de kwekerij de Drachtster sa'n fjirtjin kear jild opsmiten hat.

De rjochtbank yn Grins docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
himp rjochtsaak Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)