Terrein eardere krûdfabryk Muntsjesyl wurdt lânbougrûn

22 okt 2015 - 12:50

It terrein fan it eardere krûdfabryk by Muntsjesyl yn it Lauwersmargebiet wurdt nei alle gedachten ferkocht en brûkt foar de lânbou. Op it fabryksterrein soene earder fakânsjehuzen komme fan it bedriuw Phanos, mar dat bedriuw is oer de kop gong. De kurator hat der no in keaper foar, mar dêrfoar moat de bestimming wol feroare wurde.

Neffens boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân stiet it ljocht wol op grien foar dizze ûntwikkeling. Mar der is noch wol ien komplikaasje en dat is de boskwet. Neffens dy wet meie je net samar bosk kappe.

It 80 bunder grutte terrein leit no al dik tweintich jier fertutearze by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)