Omrop TIP: Fryslân DOK oer 50-jierrich bestean fan Tryater

24 okt 2015 - 07:16
  • In foto fan it âlde ensemble fan Tryater

It âldste teaterselskip fan Nederlân is jierdei, Tryater fiert har fyftichjierrich bestean. Mei foarstellingen dy't troch de hiele provinsje en op Oerol spile wurde, is Tryater net mear fuort te tinken út it kulturele lânskip. Mar fjouwer jier lyn hong harren fuortbestean oan in siden triedsje. De strukturele lanlike subsydzje drige fjouwer jier lyn ynlutsen te wurden. De Ried foar Kultuer fûn Tryater net fan nasjonaal belang.

Dat ha se witten yn Den Haach. Mear as fiifhûndert teaterleafhawwers skreaune in persoanlike brief nei Den Haach. Dat, kombinearre mei in goeie politike lobby, soarge derfoar dat it tij kearde.

De lêste jierren is der wol in protte feroare. It selskip is sterk ferjonge. Ek is de fyzje op it spyljen yn de Fryske taal minder strang as eartiids. Guon minsken moatte der miskien noch wat oan wenne, mar Tryater is klear foar de takomst. In grutte jubileumproduksje giet ein oktober yn premjêre. ‘Grûn’ is skreaun en regissearre troch artistyk lieder Ira Judkovskaja. De foarstelling is in famyljekronyk oer ferlies, fertriet en hoop fan twa famyljes.

De dokumintêre 'Tryater 50' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder. Nije wike giet Fryslân DOK oer de jubileumfoarstelling 'Grûn'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)