Tweintich bern wolle berneboargemaster Dongeradiel wurde

22 okt 2015 - 10:29
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

Tweintich bern binne kandidaat om dit skoaljier berneboargemaster te wurden fan de gemeente Dongeradiel. Nije wike woansdei is de ferkiezing op it gemeentehûs yn Dokkum. Dêr meie de tweintich kandidaten harren presintearje. In sjuery kiest dêrnei de winner. In dei letter wurdt de berneboargemaster offisjeel beneamd yn in riedsfergadering.

It ôfrûne jier wie Amy Hanemaaijer berneboargemaster. Sy mocht by allegear berne-aktiviteiten wêze yn de gemeente en dêr ek taspraken hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)