Blommen op plak deadlik geweldsynsidint Ljouwert

22 okt 2015 - 08:54

De plysje hat it fytspaad oan de Alde Lune yn Ljouwert wer frijjûn. De ôfrûne dagen wie it paad ôfsletten yn ferbân mei spoare-ûndersyk nei de dea fan in 68-jierrige frou. Sy is moandeitemiddei deaslein mei in flesse troch eks-tbs-er Udo D. Op it plak dêr't it slachtoffer oanfallen is, binne blommen dellein.

D. mishannele en bedrige moandei nei alle gedachten ek noch trije oare froulju. Woansdei die bliken dat alle oerheidsynstânsjes yn Ljouwert wisten dat de 38-jierrige Ljouwerter fertochte gefaarlik wêze koe foar oaren.

Mar der wienen gjin wetlike mooglikheden om de mienskip dêr tsjin yn beskerming te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)