Undernimmers ynvestearje yn bestelbus fan itensbank Ljouwert

21 okt 2015 - 21:56
  • De nije bestelbus fan de itensbank yn Ljouwert

De Ljouwerter itensbank hat mei finansjele help fan lokale ûndernimmers in nije bestelbus oanskaft. De âlde bus wie oanein en moast ferfongen wurde.

It transportmiddel is fan grut belang. Frijwilligers helje der wykliks itensprodukten mei op by supermerken, boeren en produsinten fan iten. It guod wurdt fan it depot út ferdield ûnder de goed 400 klanten fan de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)