Batavus wint priis foar nij ûntwerp stedsfyts

21 okt 2015 - 21:19
  • Untwerper Sjoukje Terpstra mei de Quip

Batavus hat de GIO Special Award for Excellence yn de kategory orizjinaliteit wûn mei de stêdsfyts Quip. De Quip wie it orizjineelst fûn de jury fan de Dutch Design Week. De fyts foel ûnder oaren op troch in frame dêr't it framenûmer yn sit. Sa is dizze net fuort te heljen en is it minder oanloklik om dizze fyts te stellen.

Ferskate produkten, werûnder fytsen, printers, kofjesetapparaten en strjitferljochting, diene mei oan de wedstriid. Foarich jier wûn Batavus deselfde priis ek al mei in e-bike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)