Club Red yn Ljouwert krijt nije eigeners

21 okt 2015 - 20:53

Diskoteek Club Red oan it Ruterskertier yn Ljouwert krijt nije eigeners. De oprjochters fan de populêre dûnsklup ha harren oandielen ferkocht oan in groep Fryske hoareka-ûndernimmers.

Club Red wurdt de kommende tiid ferboud. Dêrby sil ynspile wurde op de hjoeddeistige winsken fan de konsumint, sa sizze de takomstige eigeners. De fernijde formule giet op 1 desimber los. Oant dy tiid is de útgeansgelegenheid oan it Ruterskertier ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)