Ferkearsfeilichheid oan de Hildenberg yn Appelskea oanpakt

21 okt 2015 - 20:48

De gemeente Eaststellingwerf set de plannen troch om de ferkearsfeiligens oan de Hildenberg yn Appelskea te ferbetterjen. Earder soe soks kombinearre wurde mei de plannen foar oanlis fan in rekreaasjeplasse yn Appelskea Heech. Dat plan giet net troch, mar de ferkearsmaatregels wurde dus wol útfierd.

De gemeente wol bygelyks in frijlizzend fytspaad oanlizze en de krúspunten mear oersichtlik meitsje. Takom wike tongersdei, 29 oktober, is der foar belangstellenden in ynformaasjejûn by Golfklup De Hildenberg oan it Gruun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)