'Doe- en Kennisdag' om ynwenners Skylge by natuer te belûken

21 okt 2015 - 19:27

Op Skylge wurdt snein oer in wike foar de earste kear in kennisdei organisearre om de ynwenners en toeristen mear by it wurk fan Rykswettersteat en Steatsboskbehear te belûken. Sa binne der kolleezjes fan saakkundigen oer de kust en de natuer. Bûten binne der ekskurzjes, kin der ponyriden wurde en binne der trekkerdemonstraasjes.

De kennisdei is bedoeld as ôftraap foar it nije behearplan dat Rykswettersteat en Steatsboskbehear skriuwe wolle. De beide rykstsjinsten tinke dat it helpt as de bewenners en toeristen mear te witten komme fan wat Rykswettersteat en Steatsboskbehear eins dogge om de bosken en de kust fan Skylge te behearen. De festiviteiten binne yn Ieders Plak yn West Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)