Westra net nei Parys-Roubaix
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje docht dochs net mei oan de klassiker Parys-Roubaix fan snein. Syn ploech Vacansoleil hat leaver dat Westra him yn Spanje tariedt op de heuvelklassikers letter dizze moanne.
Lieuwe Westra soe Parys-Roubaix earst ride as feint fan Björn Leukemans, mar dy hat him ôfmelden fanwege knibbelproblemen.