De Verwisseling wint 42e edysje Strontrace

21 okt 2015 - 15:30
  • De binnenkomst fan de Verwisseling yn Warkum

De 42ste edysje fan de Strontrace fan Warkum nei Warmond en wer werom is woansdei wûn troch de Verwisseling. Dit skip wie om in oere as 11.00 wer werom yn de haven fan Warkum.

Dêrmei is de edysje fan 2015 dochs noch folle flugger gongen as moandei by de start ferwachte wie. Der stie net folle wyn, mar dy wyn kaam wol hieltyd krekt út de goeie rjochting. Oan de strontrace diene dit jier tsien skippen mei, seis yn de lichte klasse, fjouwer yn de swiere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)