Tsjûgen socht fan twa oplichtingssaken op It Hearrenfean

21 okt 2015 - 14:32

De plysje op It Hearrenfean siket tsjûgen fan twa oplichtingssaken dy't op 9 septimber op It Hearrenfean wiene. In bistesaak oan de Sieversstrjitte waard foar 150 euro oplichte troch in wikseltrúk mei in briefke fan 500 euro.

In juwelier oan de Dracht op It Hearrenfean waard foar mear as 2200 euro dupearre troch in wikseltrúk mei djoere gouden sieraden. Op foto's is te sjen dat it beide kearen om twa manlju fan in jier as 40 oant 50 jier giet, dy't harren netsjes klaaie.

Trefwurden: 
oplichting It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)