Moardfertochte faker feroardiele foar geweldsdelikten

21 okt 2015 - 13:24
  • Betize man fermoarde foarich jier in frou yn Ljouwert

De 38-jierrige fertochte fan de moard yn Ljouwert is sûnt 2005 al ferskate kearen feroardiele foar geweldsdelikten. De earste kear krige er seis moanne en tbs foar poging ta deaslach en bedriging fan syn skoanheit. De tbs waard trije kear ferlinge.

Yn 2012 komt de man frij, mar twa jier letter wurdt er wer feroardiele om't er kontakt siket mei syn eks. Begjin 2015 moat de man seis moanne de sel yn foar mishanneling en winkelstellerij. Yn juny wiene der gjin mooglikheden mear om de man fêst te hâlden of op te nimmen.

De GGZ hat in lange relaasje mei de man. Hy hat in psychiatryske steurnis, mar de agresje komt net fanút dy steurnis. Yn oare wurden, hy kiest dersels foar om geweld te brûken.

De man wurdt yn ferbân bracht mei fjouwer geweldsdelikten yn Ljouwert ôfrûne moandei, wêrûnder de moard op in 68-jierrige frou oan de Alde Lune.

In oersjoch fan de belangrykste mominten:
2005: de man wurdt feroardield ta 6 moanne sel en TBS fanwege bedriging. Hy is mei in auto ynriden op syn eks-skoanheit.
2012: syn TBS wurdt ferskate kearen ferlingd, mar troch in útspraak fan de Hege Ried, mei syn TBS net op nij ferlingd wurde. Dat kin allinne noch mei geweldsdelikten en dat jildt net foar him.
2014: de man siket kontakt mei syn eks, nettsjinsteande in kontaktferbod, en wurdt dêrfoar feroardield.
2015: hy giet op nij de fout yn mei ûnder oare winkelstellerij en mishanneling) en wurdt feroardield. Fia de rjochter wurdt ek in opname yn in forensyske klinyk ôftwongen. Yn augustus wurdt er loslitten, der binne gjin wetlike mooglikheden mear om him langer fêst te hâlden. Hy wurdt wol yn 'e gaten hâlden troch alle ynstânsjes. Mar de fertochte hâldt him rêstich. Oant ôfrûne moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)