Freone-aksje foar selsstannige Omrop Fryslan is grut sukses

21 okt 2015 - 12:03

De aksje foar in selsstannige Omrop Fryslân is in grut sukses. Der komme safolle yndividuele brieven binnen by it ministearje fan steatssekretaris Sander Dekker, dat it ministaerje in standertbrief makke hat. Foarsitter Andrys de Blaauw fan de Freonen fan Omrop Fryslân is bliid mei it grutte oantal brieven.

Deputearre Sietske Poepjes hat op 2 novimber in oerlis mei Dekker oer de posysje fan de Omrop. De aksjegroep foar in selsstannige Omrop giet dêrom hurd oan it wurk mei aksjes om foar dy datum noch mear reaksjes by Dekker te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)