Foppe de Haan stiet nei 11 jier wer op fjild SC Hearrenfean

21 okt 2015 - 11:29

Foppe de Haan stiet woansdei nei alve jier wer op it trainingsfjild fan SC Hearrenfean. No't Dwight Lodeweges opstapt is as trainer, sil De Haan de kommende fjouwer wedstriden as ynterim-coach oan de slach. Hy wurdt yn syn funksje bystien troch Tieme Klompe.

"It is myn klup en se sitte dik yn 'e problemen", sa seit Foppe de Haan oer syn beslút om wer te coachen. Hy wol soargje foar mear dúdlikheid binnen de groep. De earste training mei De Haan begûn woansdeitemoarn om 10.00 oere en der wiene in soad sjoernalisten by oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)