Auto's iepenbrutsen by bosk yn Elslo en Appelskea

21 okt 2015 - 10:23
  • (foto-ympresje)

Twa auto's binne tiisdei iepenbrutsen op parkearplakken yn Elslo en Appelskea. Beide kearen waard in rút ynslein. Ut in auto dy't oan de Canada stie, binne klean en fotoapparatuer stellen. Ut in auto dy't oan de Bosberg stie, is in tas mei ûnbekende ynhâld stellen.

De plysje warskôget al langer om gjin saken yn it sicht lizze te litten yn auto's dy't op parkearplakken by de bosk steane. Tsjûgen wurdt frege harren by de plysje te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)