Kollum: "Bang"

21 okt 2015 - 10:04

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Sûnt de Partij voor de Dieren bestiet komt elk bist yn diskusje. No ja, we âldehoere oer elk bist wat der bestiet, wat moat we dêrmei, want it hat altyd al sa west dat de iene de oare opfret. Dat is natoer. We ha’t no wer oer swerfkatten en ferwyldere katten, dat skine ek noch wer ferskillende soarten te wêzen. De Partij voor de Dieren wol dat se net mear deasketten wurde. Mar de provinsjes binne dan sels wer baas oer de útfiering. Dus deputearre Jehannes Kramer giet noch hieltyd de greide yn en sjit dy dingen ôf, want ja de skries is in hillige fûgel by ús, en de kat fret de skries op, en dy moat noch bestean bliuwe oant 2018, want mei it hynder is de skries it sinnebyld fan de Kulturele Haadstêd. Dus in Fryske kat is wat oars as in Grinzer kat. De Grinzer kat fret ljippen op, dus dy flechtsje nei Fryslân, want in Fryske ljip is hiel wat oars is as in Grinzer ljip.

Dat hjit lokaal of regionaal beleid. Mar it is gewoan opportunisme. Dat ha we hjir sa regele at we lanlik net út de diskusje komme, en dat komme we eins noait mear, want we kin elkoar net praten hearre. Dan komt der dus sels gemeentlik eigen belied. Sa wolle se no ek ta op eigen drugsbelied. Dat kin aanst yn Ljouwert en Breda alhiel ferskillend wêze. Crone kweekt dy rommel yn de eftertún. Yn Breda wurde de kwekers efternei sitten troch plysjes mei mitrailleurs, ik sis mar wat. En yn Maastricht ha we aanst gewoan in kommersjele hannel. Oeral is alles oars.

Wy dogge dat hjir fansels ûnderling yn Fryslân ek. Yn it iene plak gean de kroegen om fjouwer oere ticht, yn in oare om twa en yn guon gean se noait ticht. Ik sis mar wer wat. Fryslân jout jild oan lju dy’t har hûske oan de Biltdyk opknappe wolle, mar yn oare doarpen stiet dochs ek fertutearze spul. Grinzen, om doarpen hinne, om gemeenten, om provinsjes, om it lân.

Mar sjoch asjeblyft ris oer jim grinzen hinne. En sjoch wat der yn de wrâld bart. Ik wie der net by doe, mar ik sjoch tsjintwurdich hieltyd wer de tritiger jierren fan de foarige ieu foar my. Der bestean wol in hiel soad boeken oer. Dy’t beskriuwe wat no yn de krante stiet. No ja dat lêze we net, mar der stiet ek wol wat op it appke. En doe wie der noch gjin tillevyzje. Wêrop we no sjen kinne dat de hiele wrâld yn ûnstjoer is. De wapenhannel en de religys, fanâlds de stichters fan de oarlogen, ha wer efkes oansetten en der is gjin tel fan de dei dat der net earne sketten wurdt. En dan kinne de lju dy’t it ha moatte fan ûnrêstgefoelens samar wer genôch lju om har hinne krije. Folgers, dy’t de ferkearde dingen roppe. Mar om't se sa lûd roppe, hat net ien yn ’e gaten dat der ek noch oaren binne. Polarisaasje.

Ik hie earst noch de hope dat om't we tsjintwurdich alles direkt folgje kinne, dat der dan genôch meifielen komt mei de lange rigels flechtsjende minsken dy’t earne in plakje sykje dêr’t net sketten wurdt. Mar nee, de lange rigels fersterkje krekt de ûnrêst. It stoppet net. Ik ha ´t besocht. Minsken útlizze dat, stel se hiene yn 1941 libbe en se hiene fuort kinnen sis mar oer in loopbrêge nei Ingelân mei in taske mei de lêste ûnderbroeken. Dan hienen dy Ingelsen ús ek net blomkes om de hals hong. Mar we hienen wol in plakje ha wollen. Dus we hienen trochsjokt, skou en ferwildere sjen nei de bolhuodden en paraplu’s. Want der wiene doe in Ingelân ek in soad lju dy’t foar it eigen folk wiene. Ik bin ek slop. Ik rekkenje toch op de bestjoerders yn de wrâld dat it goed komt, krekt as jim. Ik gean ek net de strjitte op as Pediga dertroch marsjearret. Krekt as jim. Krekt as ús âlden yn de 30-er jierren. Ik bin in Fryske frije kat. Dy’t sjocht dat Jehannes Kramer der oankomt mei syn gewear. Dan gean ik mar nei Grins."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)