Amper dioksine-útstjit fan ôffaloven Harns

20 okt 2015 - 22:05

De dioksine-útstjit fan de ôffaloven by Harns bliuwt oant no ta ûnder de noarm fan wat mei. Dat docht bliken út de earste mjitting, dy't dien waard yn de perioade tusken 6 augustus en 3 septimber. De gemeente Harns en de provinsje litte in ûnôfhinklik ûndersyk útfiere, om't in soad minsken de saak net fertrouwe.

Peter Polhuis, foarsitter fan de ûnôfhinklike begeliedingsgroep 'Schone Lucht Harlingen', seit dat der kennis nommen is fan it berjocht. Der komme it kommende jier nammentlik noch mear belangrike mjitmominten, yn totaal alve.

De earste mjitting is dien nei in ûnderhâldsbeurt fan de oven. Polhuis fynt dat it noch te betiid is om der no al konklúzjes oan te ferbinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)