Lodeweges stapt op by SC Hearrenfean, De Haan ynterim-coach

20 okt 2015 - 20:03
  • SC Hearrenfean-trainer Dwight Lodeweges

Trainer Dwight Lodeweges is opstapt as trainer fan Sportklup Hearrenfean. Dat befêstiget manager fuotbalsaken Hans Vonk. De technyske stêf wurdt tiisdeitejûn bypraat. It opstappen soe ûnder oaren te krijen ha mei de teloarstellende resultaten fan de lêste wiken.

Lodeweges' SC Hearrenfean stiet no 15e mei sân punten út njoggen wedstriden. Lodeweges kaam ferline jier oer fan Cambuur. Mei Hearrenfean einige de trainer yn de finale fan de play-offs en as sânde yn de kompetysje.

Foppe de Haan sil de kommende fjouwer wedstriden as ynterim-coach oan de slach. Hy sil dit dwaan tegearre mei Tieme Klompe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)