Nij Thialf-iisstadion yn novimber foar it earst iepen

20 okt 2015 - 15:07

Op sneon 14 novimber kinne rekreanten foar it earst reedride op it iis fan it fernijde Thialf-iisstadion op It Hearrenfean. Oant it safier is, wurdt der noch folop wurke oan de nijste iisbaan fan it lân, mar ek oan de nije entree en de klaaikeamers. Op freed 13 novimber wurdt de earste faze fan de fer- en nijbou fan de Fryske iistimpel offisjeel oplevere.

Takom jier maart wurdt begûn mei de bou fan in twadde tribunelaach. Yn oktober 2016 stiet de offisjele iepening fan it reedrydkompleks pland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)