Deaslachfertochte hat mooglik twa oare froulju ek mishannele

20 okt 2015 - 15:00

De 38-jierrige man út Ljouwert dy't fertocht wurdt fan deaslach fan in 68-jierrige frou út Ljouwert en it stekken fan in 23-jierrige oare frou út Ljouwert, hat mooglik noch twa oare froulju bedrige en mishannele.

In frou (27) út Drachten melde dat se moandeitejûn by parkeargaraazje De Klanderij oanfallen is troch in ûnbekende man. Dy besocht har tas te stellen en mishannele har. In oare frou fan 48 jier melde dat ien by de Miro besocht hie har auto te stellen. De plysje siket tsjûgen fan beide ynsidinten.

Sjoch hjir foar de offisjele ferklearring fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)