Poppoadium Neushoorn noch net klear, mar giet wol iepen

20 okt 2015 - 12:54

It nije poppoadium Neushoorn yn Ljouwert is noch net klear, mar likegoed is dêr woansdei it earste konsert. It kompleks oan it Ruterskertier hie al oplevere wêze moatten. Dat is net op 'e tiid slagge. De grutte seal en de húskes binne al wol klear. Dêrom kin it iepeningskonsert fan Fink woansdei wol trochgean.

Yn de grutte seal kinne maksimaal 700 konsertgongers. Direkteur Janpier Brands ferliket Neushoorn mei Hedon yn Zwolle, de lytse seal fan de Oosterpoort yn Grins en Metropool yn Hengelo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)