Earste nacht flechtlinge-opfang yn Frjentsjer goed ferrûn

20 okt 2015 - 11:21
  • Oankomst flechtlingen yn Frjentsjer

De earste nacht yn de needopfang foar flechtlingen yn de Frjentsjerter sporthal De Trije is neffens boargemaster Fred Veenstra goed ferrûn. In groep fan 160 flechtlingen kaam moandei oan yn Frjentsjer. In groep yn Vriezenveen hie earst wegere ôf te setten, om't se harren nocht hiene fan de tôgerij fan de iene sporthal nei de oare. Uteinlik binne se dochs nei Frjentsjer gien. Se binne opfongen troch saakkundigen, frijwilligers en tolken.

By De Skûle Welzijn wurdt guod ynsammele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)