'Ofkarde Picasso's' no te sjen yn tsjerke yn Drachten

20 okt 2015 - 10:37

Drachten kriget dochs syn Picasso-útstalling. It Museum Drachten bringt de lito's no ûnder yn 'e pleatslike menistefermanje (doopsgezinde kerk).

De direksje woe de útstalling net yn it museum hawwe, om't it wurk net goed genôch wie. De lito's wiene út in boek knipt en ynliste. Se hiene dêrmei net genôch museale wearde. Der is dochs in soad fraach nei de lito's. Dêrom is it wurk no fan 30 oktober oant en mei 25 novimber yn lytsere opset yn 'e tsjerke te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)