Kollum: "De Toan fan Willem Schoorstra"

20 okt 2015 - 08:56

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Schoorstra hat krekt in roman oer Grutte Pier útbrocht. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Tatjana Simic is de oanlieding foar dizze kollum. Miende ik doe’t ik begûn te skriuwen. Mar eins is dat mar yndirekt it gefal. Want troch Tatjana har oanwêzigens by Jeroen Pauw, moast ik tinke oan dy kear dat ik in kuierke oer it strân makke, op in hite simmerdei.

Jo witte hoe’t soks giet. Men set in sinnebril op de noas, lûkt it liif flink yn en bongelet kwasi-ûnferskillich by de floedline del. Men pretendearret nergens spesifyk nei te sjen, mar ûndertusken scant men de badgasten, en yn it bysûnder it froulike part dêrfan.

Op in bepaald momint seach ik in frommes lizzen, dy’t plat op de rêch oan it sinnebaden wie. Topless. Oant safier neat út ’e regel. Wol út ’e regel wie it biologyske fenomeen dat har boarsten rjocht oerein stiene, krekt as hie ien twa huningmeloenen op har romp lein. Of twa heliumballonnen, dy’t op it punt stiene om de loft yn te fleanen. Ik waard dêr sa troch fassinearre, dat ik net seach wêr’t ik de fuotten delsette, op in kwal stean gie en dêrtroch akút yn de brân fleach. Einde kuier. Dat wie myn earste konfrontaasje mei silikoaneboarsten.

Ik moast dêroan tinke fanwegen de reaksjes op Tatjana har uterlik. Minsken seine dat se har net werom koene, dat se blykber ek al fan de botoks snobbe hie. No hie se yndie wat fan Patty Brard sa’t se dêr by Pauw siet, mar it wie ek wer net sa ekstreem dat je har net herkenne koene.

De diskusje oer botoks en plastyske sjirurzjy rint al jierren. Lêsten wie der sels in saneamde botoksrel, nei oanlieding fan Sophie Hilbrand har programma Sophie in de kreukels, dat krekt dêroer giet. Foar- en tsjinstanners rûgelje op televyzje, yn tydskriften en op ynternet foaral oerinoar hinne. Tsjinstanners freegje harren ôf wêrom’t je betelje soene om je fergif ynspuitsje te litten, om jinsels net mear op jinsels lykje te litten. Se ha it oer in kweekte behoefte, dy’t benammen froulju ûnder druk set om it te brûken. Foarstanners hanteare it motto: wurde wa’tst bist. Dy ha it oer make-up ûnder de hûd, oer der altyd útrêste útsjen en dat yngrepen wat taheakje moatte dat net sichtber is. Dat lêste klinkt as in tsjinstelling, mar toe mar.

Botoks en plastyske sjirurzjy liket yn haadsaaak in oangelegenheid foar froulju. Der binne oars wol manlju dy’t ek wat dwaan litte. Sterker: sels in man as Thijs van den Brink fan de EO tinkt deroer om wat oan de tearen yn syn kop dwaan te litten. Dêrmei stelt er dat God syn skepping blykber net oer alle boegen in súkses west hat…

Hawar. Wat mysels oangiet: ik mei der wol oer as froulju in bytsje maskara en/of eachskaad brûke. In bytsje make-up, net tefolle. It moat net sa wêze dat men nei in momint fan passy in heal oere lang op in mûlefol pancake of foundation om sit te haffeljen. Foar de rest sjoch ik de froulju graach naturel. En dat fine de measte mannen dy’t ik ken. Elk is sels baas en wy sille dêr net oer oardielje. Mar om ús hoecht it net, al dy botoks en silikoanen. Wy hâlde fan de útdrukking op jim gesicht, dames, net fan de mimyk fan in etalaazjepop. Wy hâlde fan jim kilo tefolle of kilo te min. Wy hâlde fan jim eagen en jim striae, en fan jim hier dat echt net minder is as it griis wurdt. Wy hâlde fan jim laits en jim wêzen, en dy sinesappelhûd kin ús ek neat skele, want sinesappels binne sûn. En der binne bekende foarbylden. Ik neam in Isabella Rossellini, in Meryl Streep, in Jamie Lee Curtis en Emma Thompson. Prachtige froulju dy’t neat dwaan litte, en dêr’t men dus oan sjocht dat se âlder wurde. En dat soks stomwei moai is.

It is dan ek mei de bekende Sineeske wiisgear Lao-Tse dat ik sis: Lang libje de gif- en plestikfrije froulju!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)