Jong Cambuur wint by Jong Willem II

19 okt 2015 - 21:42

It belofte-alvetal fan SC Cambuur hat moandei trije punten meinaam út Tilburg. De ploech wûn mei 4-0 by Jong Willem II. De earste tsien minuten gie de wedstryd gelyk op. Dêrnei krige Jong SC Cambuur it oerwicht. Steblecki skoarde yn de 12e minút de 0-1. Bakker ferdûbele de skoarde in kertier foar it skoft. Yn de twadde helte dominearre Cambuur, dat spile mei fiif debutanten. Steblecki skoarde yn de 55e minút de 0-3. Krekt foar it einsinjaal makke Rosheuvel ek noch de 0-4.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)