Agressive Ljouwerter hûnen krije ekstra training

19 okt 2015 - 21:30

Yn de Ljouwerter wiken Heechterp, Skieringen en Camminghabuorren is in projekt opset om oerlêst fan hûnen te ferminderjen en foar te kommen. It giet dan benammen om fjochthûnen lykas de Staffordshireterriër, de Pittbull of in krusing dêrfan. Guon eigeners hawwe kwalik jild om de bisten te trainen. Dat soarget derfoar dat se de hûn net goed ûnder kontrôle hawwe en dat soarget foar in soad oerlêst, somtiden sels fjochterijen.

De gemeente Ljouwert, de bistebeskerming en it wykpanel hawwe dêrom de hûnetraining opset.

It wurket sa goed dat de buertkonsjerzje fernimt kin dat it yn de wyk rêstiger wurdt. Hy hopet dat de gemeente it projekt trochsette wol en dat it dan ek yn oare wiken yn de stêd opset wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)