FIDEO: Wike fan Fryske Top 100 begjint mei húskeamerkonsert

19 okt 2015 - 19:29

It wurdt sa stadichoan hast tradysje: de húskeamerkonserten yn de Wike fan de Fryske Top 100. Ek dit jier pakke in oantal ferneamde Fryske muzikanten wer harren gitaar of drive-in lûdsynstallaasje, om by harren fans op de kofje te kommen. En fansels in aardige melody te spyljen. Moandei wiene Grytz en Grize de earsten. Se giene ûnder oare nei Stiens, Deinum en Sint-Anne.

Opjaan foar in húskeamerkonsert kin noch hieltyd fia kommardel.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)