"Skeafergoeding fan it Faunafûns komt foar 1 novimber"

19 okt 2015 - 17:07

Boeren dy't rjocht hawwe op in skeafergoeding fan it Faunafûns, krije it jild foar 1 novimber. Dat seit Peet Sterkenburgh fan LTO Noord. Hûnderten Fryske boeren wachtsje noch op in fergoeding. Sy hawwe rjocht op de sinten fanwege de skea dy't guozzen op harren fjild oanrjochte hawwe yn de winter en de maitiid. De bedraggen kinne oprinne oant wol 30.000 euro.

De guozzeskea is it grutst yn it noardeasten fan de provinsje en yn De Deelen. Neffens Johan Wesselink fan it Faunafûns duorre de útbetelling dit jier langer, omdat it Faunafûns ekstra taken krigen hie fanút de provinsje. Hy ferwachtet dat de útbetelling yn de kommende jierren earder plakfine sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)