Flechtlingen komme oan yn Frjentsjer

19 okt 2015 - 16:28
  • Oankomst flechtlingen yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer komt moandei oan de ein fan de middei in groep fan 165 flechtlingen oan by sporthal De Trije. De minsken komme út in krisisopfang yn Twente en bliuwe maksimaal seis dagen yn Frjentsjer. It is de sânde lokaasje dêr't yn Fryslân flechtlingen opfongen wurde. Earder sieten der minsken op It Hearrenfean, yn Harns, Kollum, Gerkeskleaster en Warkum. Dêrnjonken wurde op it stuit sa'n 600 flechtlingen tydlik ûnderbrocht yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)