Nij fluchlaadstasjon foar elektryske auto's oan de A31

19 okt 2015 - 15:58

Oan de A31 tusken Harns en Ljouwert is moandei in tredde fluchlaadstasjon foar elektryske auto's iepene. It giet om in stasjon fan it bedriuw Fastned op de lokaasje De Mieden. Elektryske auto's kinne dêr yn tweintich minuten oplade. De oare twa fluchlaadstasjons lizze oan de A32, by It Hearrenfean en by Grou. De stroom dy't de stasjons leverje, wurdt opwekt troch sinne- en wynenerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)