Kongres foar Fryske ferienings amateurtoaniel

19 okt 2015 - 14:56

De Stifting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) wol witte hokker kant alle amateurtoanielferienings út wolle. De stifting organisearret dêrom ynkoarten in dei om dêroer te praten. It kongres is bedoeld foar elk dy't aktyf is yn de toanielwrâld, lykas as spilers, skriuwers, regisseurs en technisy.

Oan de hân fan de ideeën dy't binnenkomme, kinne minsken byinoar brocht wurde. STAF wol de ferienings helpe by har plannen en ideeën.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)