VVD: "Faunafûns rint achter mei fergoedings oan boeren"

19 okt 2015 - 12:07

It Faunafûns rint neffens de steatefraksje fan de VVD fier achter mei it útbeteljen fan de fergoedings oan boeren dy't lêst hawwe fan guozzen op harren lân. Boeren soene dêrtroch finansjele problemen krije kinne.

Neffens de fraksje rint sa it draachflak ûnder de boeren werom, om guozzen op harren lân gewurde te litten. De guozzen feroarsaakje skea oan it lân, mar de boeren krije derfoar in fergoeding. Neffens de VVD moat it Faunafûns de ferplichtings neikomme.

De fraksje wol fan de provinsje witte wat dy hjir fan fynt en of dy mooglik stappen nimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)