De stimbus is iepen, stimmerij Fryske Top 100 fan start

19 okt 2015 - 11:42

Wat is it favorite Frysktalige nûmer fan Fryslân? Dy fraach stelt Omrop Fryslân alle jierren yn de lêste moannen fan it jier. It is de opmaat nei de Fryske Top 100, dy't op âldjiersdei útstjoerd wurdt. De stimbus waard moandei mei in druk op de knop iepene troch sjongeres Iris Kroes. Omrop Fryslân Radio stiet de hiele wike yn it teken fan de Fryske Top 100.

Fryske Top 100

De nûmer ien fan ferline jier wie 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra, folge troch 'Fûgels' fan Die Twa en 'It Bûthúsbankje' fan de Wiko's. Iris Kroes hie de eare om de stimbus te iepenjen. Se die dat yn de studio fan Muzyk yn Bedriuw. Se is hiel earlik op wa't sy stimd: "Stim mysels op nûmer ien, Ik doch dat noait, allinnich ien kear yn it jier mei it mei de Fryske Top 100. Do moast wol achter dyn eigen muzyk stean, toch?". Ferline jier stie de Drachtster sjongeres op nûmer 15 mei har ferske 'Thús'.

Wike fan de Fryske Top 100

Dizze hiele wike is der op de radio ekstra omtinken foar Fryske muzyk. Sa kinne harkers in húskeamerkonsert winne fan ûnder oaren De Kast en Vangrail. Moandei wie it earste konsert fan Grytz & Grize. Sy spilen yn húskeamers yn ûnder oaren Stiens, Hallum en Deinum. Mar ek waard in fersoargingstehûs yn Sint-Anne oandien. Sneon wurdt de Wike fan de Fryske Top 100 feestlik ôfsletten mei optredens fan Gurbe Douwstra en de Doelleazen yn Snits, op It Hearrenfean en yn Drachten.

Stimme op de Fryske Top 100 kin fan no ôf fia frysketop100.nl en de omrop-app. Opjaan foar in húskeamerkonsert kin op kommardel.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)