Minder misdriuwen yn Fryslân, mar tal strjitrôven wol tanaam

19 okt 2015 - 10:37

It oantal misdriuwen yn Fryslân nimt ôf, mar dat jildt net foar de strjitrôven. Dy binne yn fergeliking mei it earste healjier fan 2014 ferdûbele, fan 17 nei 35. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. It goede nijs is dat de plysje in oantal fertochten oanholden hat en dêrmei is in grut part fan de saken oplost.

In oar probleem is de saneamde reaksjetiid. De plysje moat yn 90 prosint fan de gefallen binnen 15 minuten nei de melding te plak wêze en dat slagget mar yn 77 prosint fan de gefallen.

Dat is folle leger as yn de earste helte fan 2014. De plysje sil ûndersykje hoe't dit komt. Foar Fryslân hat it wierskynlyk te krijen mei it wiid ferspraat lizzen fan de plakken yn de provinsje.

It folsleine oersjoch fan alle sifers is te finen op de webside fan de plysje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)