Grutte kontrôle: tsiende fan sportfiskers hat gjin fiskpas

19 okt 2015 - 09:46

Kontroleurs fan de Sportfiskerij hawwe sneon in grutte kontrôle hâlden. By de kontrôle waarden fjouwer auto's en in plysjeboat ynset. Fan de 108 sportfiskers dy't kontrolearre waarden, krigen njoggen in proses-ferbaal foar it fiskjen sûnder fiskpas. Der binne fjouwer warskôgings útdield foar it fiskjen mei te folle angels en it te hurd farren, ûnder oare troch twa 13-jierrige jonges yn De Alde Feanen.

Yn Ljouwert waard in man oantroffen dy't gjin pas hie en noch in boete iepenstean hie. De man is oerdroegen oan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)