Plysje pakt Litouske diseldief lâns A7

19 okt 2015 - 07:27

In 27-jierrige man út Litouwen is sneon lâns de A7 by Terwispel oanhâlden foar it stellen fan disel. In frachtweinchauffeur warskôge de plysje doe't hy de man seach dy't him fertocht ophâlde by de masines dy't brûkt wurde foar it wurk oan de sneldyk.

Doe't de plysje kaam, hie de man syn auto foltankt mei disel út in trekker. De auto fan de man is yn beslach naam. Yn de auto fûn de plysje ynbrekkersark en in ''jammer'', wêrmei't de kommunikaasje fan bygelyks de plysje folge wurde kin. De Litouwer sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)