Ravaazje nei ûngelokken op A7 by Drachten

19 okt 2015 - 07:22

Op de A7 by Drachten ûntstie yn de nacht fan snein op moandei in ravaazje nei twa ûngelokken. In 20-jierrige bestjoerder út Grins ried mei syn BMW achterop in frachtwein. Twa bestjoerders skrokken sa bot fan it ûngelok en de brokstikken, dat se tsjin mekoar botsten. De Grinzer hie gjin rydbewiis en waard oanhâlden. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

By de twa ûngelokken is ien persoan lichtferwûne rekke. De auto's dy't by de botsings belutsen wiene, binne fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)