Spitse op 'e nij kampioen fan Noarwegen

18 okt 2015 - 21:00

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is foar it twadde jier op rige kampioen wurden mei har Noarske klup Lillestrøm SK. Der waard snein mei 4-1 wûn fan Bjørnar en dêrtroch kin Lillestrøm net mear ynhelle wurde. Spitse makke ien fan de fjouwer goals yn de kampioenswedstriid.

Ferline jier, yn har earste jier by de Noarske klup, waard de Snitser fuotbalster ek al kampioen. Dêrfoar spile se yn Nederlân foar SC Hearrenfean en FC Twente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)