Letitia de Jong winner by Hollân Cup

18 okt 2015 - 17:04

Reedrydster Letitia de Jong fan Feanwâlden is sneon by de Hollân Cup yn Deventer winner wurden yn it einklassemint nei de 500 en 1500 meter. De Jong wist Lotte van Beek en Manon Kamminga foar te bliuwen. By de earste omloop op de 500 meter einige se as njoggende. By de twadde omloop wie der in tredde plak. Op de 1500 meter einige De Jong as fyfde. Dêrmei wie se overall de rapste.

Snein wurde de 1000 meter foar manlju en froulju ferriden, de 3000 meter foar froulju en de 5 kilometer foar manlju.

In soad reedriders, lykas Sven Kramer en Ireen Wüst binne op dit stuit lykwols noch yn Erfürt op trainingskamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)