Nyck de Vries hellet earste oerwinning yn Formule Renault

18 okt 2015 - 17:03

Autoracer Nyck de Vries (20) út Snits hat syn earste oerwinning behelle yn de Formule Renault. By de lêste race fan it seizoen op it sirkwy fan it Spaanske Jerez de la Frontera wie er de bêste.

Yn de earste omloop koe De Vries profitearje fan in flater fan klassemintslieder Oliver Rowland, dy't fan pole starte. De Snitser pakte de lieding en koe sûnder problemen syn earste karriêrewinst yn de Formule Renault binnen helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)